Oerfal yn Opsporing Verzocht

De webside fan Opsporing Verzocht
Yn it tv-programma Opsporing Verzocht is tiisdei omtinken foar de oerfal op in tankstasjon oan de Harnzerstrjitwei yn Ljouwert. Op 12 desimber ferline jier omtrint healwei sânen jûns bedrige in ûnbekende man in meiwurker fan it tankstasjon mei in mes en easke jild. Doe't er dat net krige, naaide de fertochte út.
Op bylden fan de bewakingskamera is de oerfaller te sjen. De bylden wurde tiisdeitejûn útstjoerd yn Opsporing Verzocht. Dat soe eins al op 13 maart, mar doe krige in urginte saak foarrang yn it programma.