Bytotter dea oantroffen

De otter dy't yn july fan dit jier in jonkje út Nijetrine biten hat, is dea oantroffen yn de Rottige Meente. Dat hat Steatsboskbehear sein. It bist wie nei alle gedachten al in pear wiken dea en dêrtroch is it dreech om de oarsaak fan de dea fêst te stellen.
De otter wie ien fan de fjouwer otterwyfkes dy't útsetten wiene yn de Rottige Meente. It byt-ynsidint krige in soad omtinken.