Minder wurkleazen yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De ekonomyske groei yn bygelyks de bou en it toerisme hat der it ôfrûne jier foar soarge dat de wurkleazens in Fryslân 13 % minder wurden is. Dêrmei rint Fryslân foarop yn fergelyk mei de oare Noardlike provinsjes.
It tal minsken dat no sûnder in baan thús sit, is hast op itselde nivo as yn de rest fan Nederlân. En dat hat in skoft lang net sa west.