Arriva ferliest rjochtsaak

21 sep 2006 - 14:34

Ferfiersmaatskippij Connexxion sil fan 10 desimber ôf it busferfier fersoargje yn Noard- en Súdwest-Fryslân. Dat hat it Kolleezje Berop Bedriuwslibben bepaald.

De konkurrint, Arriva, hie by it kolleezje in proseduere oanspand omdat se fine dat de Connexxion yn har offerte beloftes docht dy't se net wiermeitsje kin. Arriva frege de rjochter dêrop dy oanbesteging ûnjildich te ferklearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)