Gjin 'gietwaterberging' Berltsum

21 sep 2006 - 13:07

Noch foar dizze winter moat der in foarsjenning komme foar ekstra wetter foar túnkers by Berltsum.

Boargemaster Gerrie van Delft fan Menameradiel joech woansdei ta dat der gjin 'gietwaterberging' komt by it túnbougebiet. Dat wie wol de bedoeling. De túnkers ha der sels foar betelle. Foar omwenners soene der by de plasse rekreaasjefoarsjennings komme. Dat it der foarearst net komt, is in grut probleem foar de túnkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)