Mear jild foar duorsume enerzjy

It Noarden wol mear jild yn de oergongsregeling fan minister Wijn foar projekten foar duorsume enerzjy. Mei de 270 miljoen dy't der lanlik beskikber is, soenen 18 projekten útfierd wurde kinne. Yn it Noarden allinne al binne plannen foar sa'n 100 projekten.
Om it stânpunt fan it Noarden krêft by te setten is tongersdei in petysje oanbean oan de Twadde Keamer. Dy praat tongersdei oer duorsume enerzjy.