Nij diel Kameleon presintearre

20 sep 2006 - 23:34

It nijste diel yn de Kameleon-searje waard woansdei presinteard yn it Abe Lenstra-stadion op it Hearrenfean. It boekje hjit 'De Kameleon scoort' en is skreaun troch Fred Diks. Hy hat foar it earst in Kameleon-diel skreaun. De earste 60 dielen wiene fan Hotze de Roos. Nei syn dea hat útjouwer Piero Stanco ûnder pseudonym noch trije edysjes makke.

Yn it nije boek docht de twilling mei oan de talintedei fan SC Heerenveen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)