Drugshannel op Waad falt ta

20 sep 2006 - 23:30

Der is gjin grutskalige drugshannel yn it Waadgebiet, om't de lizzing fan it Waad him net lient foar dizze kriminele aktiviteiten. Dat is sein nei in ynternasjonale drugskonferinsje op Skiermûntseach.

Plysje, iepenbier ministearje en maresjaussee wiene dêr twa dagen lang byinoar. Doel is om de gearwurking te ferbetterjen. Dêrtroch moat de bestriding fan drugshannel mear resultaten opsmite.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)