"Undernimmers lieten VVV sitte"

© Omrop Fryslân
De rekreaasje-ûndernimmers binne benammen ferantwurdlik foar it fallissemint fan de VVV Friese Kust. Dat seit foarsitter Boersma fan de Recron, de brânsjorganisaasje fan rekreaasje-ûndernimmers. It gebrek oan fertrouwen by harren hat bygelyks ek de VVV Fryske Marren nekt.
Bestjoersfoarsitter Dölle fan de VVV Friese Kust wiist lykwols nei de provinsje en de gemeenten. Dy soene te min jild stutsen hawwe yn de VVV's.