Slotfase nekt ONS tsjin Jong AZ

© Omrop Fryslân
ONS Snits is útskeakele yn de twadde ronde fan de KNVB-beker. De Snitsers ferlearen mei 2-0 fan Jong AZ. Yn de 88ste minút kamen de beloften fan AZ op foarsprong. Jeremain Lens makke doe út in counter de 1-0. De Snitsers setten noch wol oan, mar nei in kans fan Van der Heide makke Lens de beslissende 2-0.
De wedstryd waard spile op it fjild fan v.v. Snits, omdat dy ploech de beskikking hat oer fjildferljochting.