Burgumer kleit GeenStijl oan

De 34-jierrige Burgumer dy't fertocht wurdt fan swiere mishanneling fan syn poppe docht oanjefte tsjin ynternetside GeenStijl. Dêrop stie it berjocht dat de man bodybuilder wêze soe en hannelje soe yn anabole steroïden. De Burgumer wol witte wa't it berjocht pleatst hat.
Neffens de redaksje fan GeenStijl kloppet it yndie net dat de Burgumer in bodybuilder wêze soe. Mar hy soe wol te krijen hawwe mei de hannel.