VVV Fryske Kust fallyt

© Omrop Fryslân
It bestjoer fan de VVV Fryske Kust hat woansdei it fallissemint oanfrege. Dat betsjut dat der in ein komt oan it bestean fan sân VVV-kantoaren en in grut tal bykantoaren yn de gemeenten oan de Iselmarkust.
Troch it fallissemint reitsje 27 minsken har baan kwyt. Neffens it bestjoer binne de tekoarten fan de VVV's yn de ôfrûne jierren allinnich mar grutter wurden, nettsjinsteande besunigings yn de organisaasjes.