MIR op Freeze-festival

20 sep 2006 - 15:33

Sjongeres MIR treedt kommende sneon op op it Freeze-festival yn Ljouwert, as ferfanger fan de band Isookschitterend! Dy band hie ôfsein om't de sjonger lêst hat fan de kiel.

MIR is de artystenamme fan Mirjam Timmer, dy't in tal jierren lyn diel útmakke fan Twarres. Har solo-cd is krekt út. Ek de Nederlânsktalige skaband Groev hat ôfsein foar Freeze. Ynstee dêrfan komt de reggaeband Jah Sound International.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)