Nije jeugdkoördinators oansteld

20 sep 2006 - 15:10

It tal jeugdkoördinators fan de plysje yn Fryslân wurdt hast ferdûbele. Fan seis parttimers gean se nei alve fulltime banen. Se sille har dwaande hâlde mei oerlêst troch jongeren en it foarkommen dêrfan.

De koördinators krije mear te dwaan as no. Sa tinke se ek om húslik geweld en spijbeljen. De skoalplysje sil dêrtroch ferdwine. Woansdei binne de nije jeugdkoördinators ynstallearre op Stania State yn Oentsjerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)