Luchtmacht oefenet yn oktober

Op de fleanbasis yn Ljouwert wurdt yn de earste helte fan oktober oefene troch dielnimmers oan in ynternasjonale kursus mei de namme 'Fighter Weapons Instructor Training'.
De kursisten wurde oplaat ta wapenynstrukteurs. De fleanoefeningen fine plak yn de regio Marnewaard en Surch. De oefeningen komme oerien mei de misjes dy't op it stuit yn Afganistan útfierd wurde.