Ekstra jild foar Respons

20 sep 2006 - 13:32

De gemeente Ljouwert jout 30.000 euro ekstra oan de stifting Respons foar needhelp oan útprosedearre asylsikers. Respons sit finansjeel yn de knipe om't der mear help nedich is as earst tocht.

Der melde har mear útprosedearren foar needhelp as earder ynskatten is. De gemeente fynt it wichtich dat Respons syn wurk wol dwaan kin en hat dêrom foar ien kear ekstra jild útlutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)