Diskusje oer nijbou provinsjehûs

20 sep 2006 - 11:51

Der komt in diskusje yn de kommisje stedsûntwikkeling yn Ljouwert oer de nijbou fan it provinsjehûs yn de stêd. De stedeboukundige útgongspunten en betingsten moatte noch fêstlein wurde foar't de provinsje fierder kin mei de plannen foar de nijbou.

De gemeente wol graach dat it provinsjehûs bliuwt op it plak dêr't it no sit. As de kommisje de betingsten bepaald hat, moat it bestimmingsplan noch oanpast wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)