Fiif wynmûnen ekstra yn Ljouwert

20 sep 2006 - 11:34

Der meie yn Ljouwert noch fiif wynmûnen byboud wurde. Dat wol it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De mûnen meie allinnich boud wurde op yndustryterrein De Hemrik.

Dêr stean no ek al trije mûnen. De nije wynmûnen moatte wol fier genôch fan de wenwiken stean, sadat minsken gjin lûdshinder ûnderfine. Der kinne fiif ekstra wynmûnen bykomme om't de wet lûdshinder oanpast wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)