Minder stedswachten yn Ljouwert

Der bliuwe noch 15 stedswachten oer foar Ljouwert, de helte minder as no. Dat wol it kolleezje fan Ljouwert. De 26 stedswachten wurde oant 2008 betelle út de wet wurk en bystân. Dat kin dêrnei net mear.
De gemeente stiet foar de kar: trochgean en alles sels betelje of hielendal ophâlde. Der is keazen foar in tuskenwei: troch, mar mei minder. 30 oktober sil de ried it plan fan B&W beprate.