Kroondijk (FNP) hâldt op

20 sep 2006 - 11:06

Romke Kroondijk, FNP-lid yn de gemeenteried yn Nijefurd, hâldt ein dit jier op as riedslid. Kroondijk wurdt 69 jier en fynt dat it tiid wurdt foar de jongere generaasje. By de lêste ferkiezings is de fraksjekar by de FNP aardich groeid en ferjonge.

Dizze minsken ha al in flinke ynbring binnen de FNP. Kroondijk hie al earder oanjûn om nei in ynwurkperioade fan de nije minsken op te hâlden. It is noch net dúdlik wa't syn opfolger wurdt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)