Brief Nuon oer stroomsteuring

© Omrop Fryslân
Elektrisiteitsbedriuw Nuon hat in brief stjoerd oan alle húshâldens dy't troffen binne troch in grutte stroomsteuring yn it Noardwesten fan de provinsje.
Op freed 8 septimber kaam der by wurksumheden te folle spanning op in kabel. Dêrtroch gie der 290 volt troch it netwurk. In soad apparatuer rûn skea op. Nuon skriuwt dat minsken de skea uterlik 6 oktober melde moatte om skeafergoeding krije te kinnen.