Projekt fytse nei it wurk

20 sep 2006 - 10:13

Fjouwer meiwurkers fan soarchgroep Noorderbreedte sille in moanne lang mei de fyts nei it wurk ta. De fjouwer dogge mei oan in fytspromoasjeprojekt fan de trije Noardlike provinsjes. Mei inoar dogge der tolve minsken mei oan it projekt.

Alle dielnimmers krije woansdei in nije fyts kado. De dielnimmers fan Noorderbreedte dogge ek mei oan in TNO-ûndersyk nei it effekt fan it fytsen op de wurkprestaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)