'Blokhûs Starum opnij opbouwe'

20 sep 2006 - 09:53

It plan om it âlde Blokhûs fan Starum opnij op te bouwen, moat no echt fan de grûn komme. Dat fynt Stavers Belang. De partij betocht 3,5 jier lyn in plan om op it âlde QVC-fuotbalfjild by de haven opnij in yndruk te jaan fan it Blokhûs dat dêr stien hat.

Dat waard yn 1522 yn opdracht fan Karel de fyfde boud. It plan lei al in skoft by de gemeente, mar tiisdei hat de gemeenteried besletten oer it ynhieren fan in herbou-begelieder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)