Aksje tsjin rasisme by fuotbal

© Omrop Fryslân
De BV Sport en St. Promotie Jeugdvoetbal Leeuwarden begjint in aksje tsjin rasisme op de amateurfuotbalfjilden. Fuotballerkes fan de Ljouwerter clubs meie in middei yn it Cambuurstadion komme.
Mei in fuotbalclinic troch Cambuurspilers, de fertoaning fan in DVD oer diskriminaasje yn it fuotbal en oare programmaûnderdielen moatte de Ljouwerters C- en D-fuorballerkers oan it tinken set wurde oer rasisme.