1000 euro foar auto op ierdgas

20 sep 2006 - 08:02

Fjirtich ynwenners fan Ljouwert kinne har melde by de gemeente foar in ierdgastank. De gemeente Ljouwert ynvestearret tûzen euro de auto. Sa wol de gemeente it gebrûk fan duorsume brânstoffen befoarderje.

De gemeente wurket ek mei oan de komst fan twa ierdgastankstasjons dy't der dit jier noch komme moatte. De earste yn novimber op yndustryterrein de Hemrik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)