Cambuur leit út de beker

20 sep 2006 - 06:34

Cambuur leit út de beker. De Ljouwerters waarden útskeakele troch sneonshaadklasser ASWH ut Hendrik Ido Ambacht.

Cambuur kaam op in 2-0 foarsprong troch Martijn Roosenburg en Jeroen Ketting. Krekt foar it skoft waard it 1-2. Yn de twadde helte wie ASWH folle better as Cambuur. It waard dan ek 2-2. Yn de ferlinging gie it hielendal mis mei noch twa doelpunten fan de útblinker Arjan Human.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)