Mear jild foar bettere seediken

19 sep 2006 - 17:40

It kabinet lûkt yn 2007 420 miljoen euro út foar it sterker meitsjen fan de seediken. Ien fan de diken dy't mooglik oanpakt wurde kin mei dat jild is de Ofslútdyk. Dit stiet yn de nije ryksbegrutting, dy't tiisdei presintearre waard.

De Nederlânske skipsbou krijt yn 2007 60 miljoen euro. It jild komt út in Europeeske regeling en is bedoeld om de skipsbou better konkurreare te litten mei lannen mei lege leannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)