Troanrede: Fryslân amper neamd

19 sep 2006 - 17:22

De Troanrede op Prinsjesdag hat in opfallend bytsje omtinken foar de regio. Dy krityk komt fan deputearre Ploeg. Hy mist bygelyks nijs oer in rappe ferbining fan de Rânestêd oer Noard-Nederlân nei East-Europa.

Wat noch wol fan belang is, is in heroerwaging fan de rol fan de provinsje en gemeenten. Fierders krijt de skipsbou ekstra jild en kin wetterkennissintrum Wetsus yn Ljouwert mei 35 miljoen euro útwreidzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)