Van der Wal wol nei Peking

© Omrop Fryslân
Eelke van der Wal sil him foarearst rjochtsje op it fytsen op 'e baan. De 25 jierrige Holwerter dy't ûnder kontrakt stiet by de Fondas-formaasje hat troch in protte blessueres in min seizoen hân.
Van der Wal is no twa kear yn 'e wike mei de baanseleksje fan bûnscoach Peter Pieters oan it trainen. Hy wol besykje him mei de ploege-efterfolging te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen fan Peking.