Kij sakje yn jarrekolk
By in leanwurkbedriuw yn Ryptsjerk binne acht kij yn in jarrekolk sakke. De brânwacht fan Gytsjerk hat de kij derút helle, ûnder oare mei help fan in kraan. Ien fan de bisten hat it net oerlibbe.
Nei alle gedachten is it mitselwurk ôfbrokkele dêr't de roasters yn sieten. Troch de druk fan de kij is de flier ynsakke. Der stie goed in meter jarre yn de kolk.