Skipswrak út 13e ieu fûn

19 sep 2006 - 11:40

By Snits is in âld skipswrak fûn. Dat barde by graafwurk foar de oanlis fan in nije gaslieding tusken Grypstsjerk en Warkum. Nei alle gedachten stamt it skip út 'e 13e ieu. It puntachtich skipke is 7 m. lang en 1,5 breed. It hout fan de platboaiem is noch goed.

It boatsje wurdt fuorthelle en fierder ûndersocht. Dêrnei wurdt it skip konservearre. In archeologysk advysburo yn Drachten fiert it ûndersyk út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)