Ferlies Jong H'fean by Ajax

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean/Emmen hat op Sportpark De Toekomst yn Amsterdam mei 2-0 ferlern fan Jong Ajax. Dy stân wie by it skoft al berikt. Jong Hearrenfean moast healwei de earste helte mei tsien man fierder neidat Jens Jurn Streutker de trochbrutsen Lesly de Sa ûnderút rûn. Flot dêrnei makke Mounir El Hamdaoui de 1-0. Thulani Serero soarge út in frije traap fan sa'n 20 meter foar de 2-0. Jong Hearrenfean besocht mei in protte striid de skea te beheinen. Dat slagge en Luciano Slagveer hie eins de earetreffer meitsje moatten, mar dat slagge krekt net.