NDC: minder abonnees, mear winst

18 sep 2006 - 23:43

Boeke- en krante-útjouwerij NDC-VBK hat yn it earstge healjier fan 2006 17,9 miljoen euro winst makke, twa miljoen mear as yn it earste healjier fan 2005. De Ljouwerter Krante ferlear it ôfrûne jier 3.000 abonnees, mar ferkocht mear wykeinabonneminten en losse kranten. It Dagblad van het Noorden ferlear in lytse 5.000 abonnees en hat der no noch 158.700.

De boeke-útjouwerij fan NDC-VBK hie in goed earste healjier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)