Ek Fries op list VVD
Fryslân hat no dan ek echt in kandidaat op de list fan de VVD stean. Tom Kuperus ferhuzet op 1 oktober nei De Lemmer.
Kuperus is fan hûs út in Grouster en stiet 31ste op de VVD-list foar de Keamerferkiezingen. Hy wenne oant no ta yn Leiden en wurke as adviseur fan steatssiktaris Schultz-Van Haegen. Kuperus kin pas in hûs keapje as er in nije baan hat as keamerlid.