Undersyk nei ynwenner De Jouwer

© Omrop Fryslân
Der komt in ûndersyk nei in ynwenner fan de Jouwer dy't yn syn wenning in berneopfang ha soe. De man hat earder feroardield west foar in sedemisdriuw.
Ferline wike freed krige de gemeente berjocht dat yn de wenning fan de man in yllegale berneopfang wêze soe. De gemeente en de GGD stelle dêrom in ûndersyk yn. Foar buertbewenners en âlden is yntusken in kontaktpersoan oansteld. De buert is moandei ynformeard oer de sitewaasje.