Wer min stik seedyk ûntdekt

18 sep 2006 - 16:27

Wetterskip Fryslân hat wer in min stik seedyk oantroffen dat net mear oan 'e feilichheidseasken foldocht. It giet om in stik dyk fan trije kilometer, westlik fan Swarte Hoanne.

Earder waard al in stik fan seis kilometer oanpakt. It wetterskip slút net út dat no mooglik de hele Waaddyk fan sechtich kilometer wersteld wurde moat. Is dat it gefal dan driget in strop fan tachtich oant hûndert miljoen euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)