Hotelskip moat learlingen lûke

website Friesland College © frieslandcollege.nl
De striid om nije learlingen is wer folop los. Yn plak fan in iepen dei set it Friesland College in skip yn om se binnen te heljen. It giet dan benammen om learlingen dy't nijsgjirrich binne nei de opliedings toerisme, wellness en de hotelskoalle. It skip fart de kommende twa wiken troch de provinsje.
Projektlieder Frency van den Broek tinkt dat benammen de oplieding wellness in soad nijsgirrige learlingen lûke sil. Dy merk is bot yn opkomst yn de provinsje.