Sloop winkelsintrum begûn

De sloop fan winkelsintrum Bilgaard is moandei offisjeel út ein set. It duorret nei alle gedachten twa wike foardat it terrein hielendal leech is. Dêrnei wurde mobile konteners delset, dêr't tydlik winkels yn komme.
It duorret nei alle gedachten noch wol oant begjin takom jier foardat de winkels iepengean. Winkelsintrum Bilgaard baarnde yn de nacht fan 23 op 24 augustus ôf. De skea is sa'n tritich miljoen euro.