GrienLinks: rêstich mei Omrin

De Fryske gemeenten moatte har ferantwurdlikens nimme yn de diskusje oer de takomst fan ôffalferwurker Omrin. Dat fynt de provinsjale steatefraksje fan GrienLinks.
De fraksje ropt gemeenten op om net al te hastige besluten te nimmen by de oandielhâldersgearkomste fan Omrin, dizze freed. Guon gemeenten fine de tariven fan Omrin te heech en driigje it kontrakt mei it bedriuw op te sizzen.