Plysjeman krijt klap yn Drachten

17 sep 2006 - 15:36

Yn Drachten is sneintemoarn betiid in plysjeman mishannele. De plysjeman spruts in Drachtster(47) oan. De man die in kafeedoar iepen, dy't de plysje krekt sletten hie. De Drachtster begûn dêrop de plysje te misledigjen.

De plysje besocht dêrop de man oan te hâlden, mar de oare besikers bemuoiden har der mei. Sa joech in oare Drachtster(48) in plysjeman in hurde klap tsjin de holle. Beide Drachtster binne meinommen nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)