Ien flagge foar alle Fryslannen

De Groep fan Auwerk sil no sneon op it Reaklif by de betinking fan de Slach by Warns in Ynterfryske flagge presintearje. De Groep fan Auwerk hat de flagge ûntwurpen as mienskiplik symboal foar alle Fryslannen. It is in flagge wurden fan in Skandinavysk type mei in wyt krús yn 'e midden, mar der sitte ek fjouwer pompeblêden yn.
De Fryske Rie fan Heraldyk hat advisearre by it ûntwurp fan 'e flagge.