Himmelaksje: 1500 kilo smoargens

By in grutte himmelaksje fan de fiver yn it Ljouwerter Julianapark is sneon yn twa oere tiid 1500 kilo oan smoargens boppe wetter helle. De aksje waard dien yn it ramt fan in grutte ynternasjonale kampanje. Dûkers fan de dûkskoalle en it dûkteam Ljouwert diene oan de aksje mei.
Tusken it smoargen sieten ek grutte saken as bankstellen, matrassen, fytsen, bierkratten en âlde elektroanyske apparatuer.