Unienichheid oer âld papier

19 mrt 2012 - 19:08

Tsjerken en ferienings yn Achtkarspelen kinne wer begjinne mei ynsammeljen fan âld papier. It papier moat dan wol fan de leden fan de feriening wêze. Dat is in betingst om ûnder de regels fan de gemeente út te kommen.

De gemeente Achtkarspelen hie it opheljen fan papier foar ferienings en tsjerken ferbean omdat de gemeente in kontrakt hat mei ôffalferwurker Omrin. De PKN-tsjerke fan Droegeham kaam dêrtsjin yn opstân en ûntduts dat it papier wol ophelle wurde kin as it om in sletten ynsammeling giet.

Wethâlder Antuma fan Achtkarspelen docht ûndersyk nei de juridyske helberheid fan de konstruksje. Hy tinkt noch altiten dat ôffal, dus ek papier, foar de gemeente is.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)