Oanhâlding nei fjochtpartij

© Omrop Fryslân
Yn 'e omkriten fan 'e Gealannen yn Ljouwert is freedtenacht in man oanhâlden, omdat hy in groep oare manlju bedrige hie mei in fjoerwapen. De man wie útnaaid yn de rjochting fan de Ljouwerter bosk. Twa jonges fan 19 jier koene in goed sinjalemint jaan fan de man.
De man(35) is oanhâlden en de plysje hat it wapen yn beslach nommen. It die bliken dat it net echt wie, mar it like wol op in fjoerwapen.