Analoge tv hâldt 11 desimber op

© Omrop Fryslân
It analoge signaal om tv te ûntfangen mei in âlderwetske antinne hâldt definityf op yn 'e nacht fan 10 op 11 desimber. Dat hat it kabinet freed besletten. Der komt noch in foarljochtingskampanje om minsken te wizen op de alternative mooglikheden lykas skûtel, kabel, ynternet en digitale etertelevyzje.
Omrop Fryslân is meikoarten ek op de satellyt te sjen. Foar it bûtengebiet is dat in gaadlike oplossing.