Trije Kanadezen foar Flyers

© Omrop Fryslân
Iishockeyklub de Vadeko Flyers hawwe trije Kanadezen oanlutsen. It giet om twa oanfallers. De 26-jierrige Wanchulak komt fan de Australyske klub, de Adelaide Avalanche. De 27-jierrige Bartzen komt oer fan it Dútse Oberhausen.
Kelly Shields (26) moat de opfolger wurde fan keeper Marcel Nijland. Hy komt oer fan Pee Dee Cyclones. De Flyers hawwe no fiif Kanadezen.