Stroetinga hat nije ploech

© Omrop Fryslân
Hurdfytser Wim Stroetinga hat in nije ploech. De 21-jierrige Europeesk kampioen skratch by de beloften tekenet in kontrakt by Ubbink-Syntec. Dêr kin hy ûnder oare gearwurkje mei baanhurdfytsers lykas Stam en Slippens. Ek Fries-om-utens Folkert de Haan makket diel út fan Ubbink-Syntec.
Stroetinga docht sawol mei oan wedstriden op de baan as oan wedstriden op de dyk.