AD: MCL bêste sikehûs fan it lân

16 sep 2006 - 10:02

Sikehûs MCL yn Ljouwert is neffens it Algemeen Dagblad it bêste sikehûs fan Nederlân. De krante makke in top hûndert fan Nederlânske sikehûzen. De ranglist is basearre op tritich punten.

De Fryske sikehûzen dogge oer it generaal goed. Snits stiet fjirde, Drachten stiet op alve en Dokkum op trettjin. Tjongerskâns op it Hearrenfean is neffens it AD it minste Fryske sikehûs. Dat stiet op de lanlike list op plak 29.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)