'Kontrakt Omrin dochs opsizze'

15 sep 2006 - 17:13

De gemeenteried fan Smellingerlân moat him net benaud meitsje litte troch lilke brieven fan ôffalferwurker Omrin. Dat skriuwt it gemeentebestjoer fan Smellingerlân oan de riedsleden.

Smellingerlân kin syn oandielen yn Omrin gewoan ferkeapje en is goedkeaper út by ôffalferwurker HVC yn Noard-Brabân. B&W ha earder al besletten om it kontrakt mei Omrin op te sizzen. De gemeenteried moat noch wol akkoart gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)