Bashir (SP) lûkt klacht wer yn

© Omrop Fryslân
It Ljouwerter riedslid Farshad Bashir (SP) hat freed op in rjochtsitting yn Den Haach syn klacht tsjin de gemeente Ljouwert fuortdaliks wer ynlutsen. Hy hie in klacht yntsjinne oer húsbesites by minsken mei in útkearing.
Bashir hie him oansletten by in groep fan 81 minsken. Sy easken yn in koart pleit dat 21 sosjale tsjinsten ophâlde mei de húsbesites. Mar om't Bashir sels gjin útkearing hat, hat er gjin persoanlik belang yn dizze saak.